[{{mminutes}}:{{sseconds}}] X
Пользователь приглашает вас присоединиться к открытой игре игре с друзьями .
Обычный западнофризский
(1)       Используют 5 человек

Комментарии

Ни одного комментария.
Написать тут
Описание:
Тексты на этом языке
Автор:
sashavirtual
Создан:
7 августа 2024 в 21:48
Публичный:
Нет
Тип словаря:
Тексты
Цельные тексты, разделяемые пустой строкой (единственный текст на словарь также допускается).
Информация:
(составлен HelixOfTheEnd)
Содержание:
1 Hiel yn 'e fierte hearde min it bolderjend brûzjen fen 'e frjemde Oceäen, wit hwersanne wei kaem it, oer hege bergen en brede streamen lâns en it smiet syn kriik oan 'e iggen, al mar oan... al mar oan..... en bismodzke it hiele gea mei syn onhuer útskiftsel.
2 Dit lot wie Fryslân nou biskern. Det alles krige nou syn bislach, foargoed. Der wie gjin forwin mear op. Hwa scoe hjir ek mear help jaen kinne? Drôfenis en grym yn it hert seagen sokken as Falentijn, Ripperda en Foppe Lieûwes en tûzenen mei hjar it oan en koene hjar net mear forwarre
3 Hja koene neat oars mear dwaen as bidde, det Fryslân noch ris ienkear wer bettere tiiden barre mochte, it as Job forheft wirde mocht út de poel fen syn ellinde. Det gyng raer, der kaem safolle lân op de bûrden, det de priis sakke as balstiennen.
4 As in âld falk, iensum op syn stange, seach fen Rhé, de Jacobijn, de lêste tremynsetten triljen oer 't útlitte antlit fen Fryslân. Ho 'n wille hie 'r! fordôve 'r der net efkes de ellindige pine mei yn syn eigen hert as 'r in oar krimpen seach fen smertlike skûrrings?
5 Foartdaedliken nei Poppéus syn dea hie 'r for alle affysjes bitanke en wie fen haedpersoan in stille grimmitige taskôger waen, it herte fol bitterheit en oerginst op hwa 't noch bern en freugden hiene. Fen Rhé fensels... Och, det wie altyd noch mar miskien, mar Poppéus!
6 En krekt, as waerde der wer in gleon izer yn 't weak fen syn hertefleis set. Altyd Poppéus, altyd noch wer Poppéus. Koe 'r sa mar fen 'e ierde fordwoun wêze, sûnder tael noch teiken? sa mar? In minske is ommers mar as in dier, sá is 'r yn wêzen, sa is 'r in protsje stof en in siel, in siel?
7 Ha! ha! as 't lichem seit fen: pûst út, den is der ek gjin siel mear, hune de kweageest yn him Hastû det altyd sels ek net sei en leauwd? Hy hie altyd noch ien stille forhoping, salang as syn lyk net foun waerd, wie der gjin wetlike sikerheit en hy koe, o hy koe tojoun ef tomoarn noch weromkomme
8 Mar optlêst moast hy him der wol by dellizze, Poppéus wie dea en namstomear hinge hy nou oan syn bernsbern. Der gyng gjin dei foarby, as hy kaem by Anne, dy-t him koel ûntfong en och! hy mirk it hast net, hjar stadichwei fen him ôfkearde
9 De aristocrate wie de boargerman ba... gjin feseltsje fen hjar hert hie mear bitrekking op him. It wie om 'e bern en oars, och hy mocht der gerêst bliûwe. Raer harke 'r op, do-t se him op in goede dei to witten diich, hjar omke Hopperus, dy Oranjerazer!
10 Ta tasjende fâld oer de bern ha to wollen. Hy abbeleare der earst tsjin, mar optlêst joech 'r dochs bilies. Anne krige hjar sin. Hjar to forliezen wie ommers alles to forliezen en och, och! it glês hie al in brek, it triedtsje wie al sa bros, in spinrêch wie 't, waeijend op 'e twirren fen it lot
11 Hja sieten togearre yn 'e efterkeamer en Henricus boarte by hjar om. De wyn bearde om 't hûs, de earste snie jage mei twirren troch 't tún, bleau op hage en struwel hingjen, diek sêft de wiete groun en de toarre bledden. Noait hie se syn namme wer neamd.
12 ... ek net, do-t hy hjar it lêste fearnsjiers jild brochte fen syn affysjes. 't Scoe nou wol hwet fen de biheinde byt moatte, as Hopperus net bysprong... Poppéus hie skoan hwet ynbrocht yn 'e húshâlding. Tomûk seach 'r ris nei hjar.
13 Ho ljeaf like se nou ek wer yn hjar ienfâldich habyt... ho aeike de swiete wollûd fen hjar praet syn earen as mesyk! Ho nochlik siet it hjir yn 'e waerme, smûke keamer, wylt bûtedoar alles teistere waerde fen 'e earste hjerststoarmen
14 Ho moai scoe 't wêze, as Henricus ris nei skoalle ta koe en letter stedint wirde en master yn 'e rjuchten foar syn namme krije! Ho bigûchelen dy bylden syn âld brein! en hy klammere him oan Anne en de bern as in lêste anker yn in woelige brânning, hwer it slim wrakseljen is for âlde minsken
15 Hy lei 'r him by del as fâld, det hja de hiele winter útfenhûs gyng mei Nelle nei in moike ta to Wyckel, as hy den de jonge mar hâlde mochte...? Anne glimke, in skaed fen in glimke en stie it him genedich as in ginste ta Wie 't net, as se út 'e finzenis kaem, in forgulde kouwe?
16 Ho lang hie se dit allegearre net mist, dizze moaije iensumheit fen it Nijlân om Ljouwert hinne, dizze moaije iensumheit fen loft en greiden en wetters? Elts minske hie eat fen in kening en eat fen in slaef yn him en dy twa fochten krekt sa lang, ont se einliks yn in grêf rôllen
17 Den wie 't dien en kamen de wjirms. Hja riboske ûnder hjar waerme mantel en treau Nelle tichter tsjin hjar oan. Hja wie noch jong... en dead en fordjer in slimme nachtmerje foar hjar blierhertige eagen. Hja wrokke djip yn hjar hert oer hjar lot.
18 in seil as in swânnewjuk, in feech fen wite jubel twisken it teare blau fen 'e loft en it felle, jeloerske grien fen 'e groun! as in twadde bisonkene ljeafde, as de earste al lang foarbystrûze is mei klang en sang nei de oarde fen sillich oantinken en nea-forjit
19 By in bochte fen de wei seach se noch ris wer om nei Ljouwert... Krekt en allyk as in minske nei syn lok al mar langhalzet en 't nea yn 'e macht krijt detselde lok, sa 's de Noailly it hjar mei in fyn gnyske fol satire sei. ach neen!
20 Alwetend God en Heere, Uw Majesteit is niet so wijd en veere, En of de mensch een worm op aarde sij, Toch woont Gij hem gelijk een Vader bij... De doar gyng op en de feint brocht him in brief op it earbiedich tarikt bledtsje.
21 Falentijn biseach him ris... it hânskrift like him onbikend... it wapen op 'e lakken fen 't selde. Hy draeide him om en om, biseach him noch ris en snie him do stadich op mei syn pinneforsnijersmeske. En hy lies. It wierne mar in wirdmennich, hy brûkte nin omhael fen wirden.
22 Op oanstean fen syn Souverein en 'e Prins fen Oranje scoe der yetteris hwet weage wirde en ho-t de Friezen der yn 't jildlike ûnder stean scoene, der winske hy útslútsel oer to habben. Falentijn stoarre der hwet op om, skodholle ris en lei de piip del.
23 Hy liet alles noch ris yn him omgean, hwet for ûnk dizze forfleine jierren net oer Fryslân brocht hiene, jammer en ellinde, folle en net genôch. En alles om 'e nocht. Ingelân mocht him warre for de Prins, safolle as 't koe....
24 hy hie der al gignút fen heard fen in forboun fen 'e keizer fen Ruslân, de kening fen Ingelân en 'e Oranjepartij, om de Frânsken yetteris yn iepen tournooi oan to fallen, hy leauwde optheden net mear oan in goed ein. Hy wie de alderienichste, de oaren krolden der allegear foar om.
25 En Porter krige syn brief wer mei nul op 't rekest. Hy glimke in bytsje... in frjemd glimke en seach ris oer 'e sé. Der fierôf Ingelân, syn heitelân... it sterke, ienriedige, rike Ingelân, der noch noait ien it tsjin hâlde kind hie op den duer.
26 Scoe it nou for 't earst krimp jaen moatte tsjin in soadtsje Frânsken, in hantsjefol goddeleazen ûnder 't bifel fen in jonge Corsicaen? Wer krolde in fyn glimke syn mûle Né, Ingelân scoe it nea sitte litte, al moast it ek noch jierren wachtsje, om de nekslach jaen to kinnen
27 Ingelân koe wachtsje en hy, Porter koe it ek. En hy joech him del yn syn briedstoel en seach ta 't finster út en formakke him mei 't gefar en gedobber fen 'e allerhânne soarte fen skippen op it blaugriene, mar efkes sykheljende wetter.
28 It wie sa 'n fredich tafriel, dizze bleke hjerstsinne oer dit stille blauwe wetter, de dei syn heftigste hertstochten liken der wol op foart to driûwen en to stjerren yn dy frjemde sinne hjar gloed... Koe 't bistean? En hy wie der bliid ta, syn jonges troud to witten, foaral André, syn jongste
29 Al waerden de tiiden nou ek noch sa binaud, hy scoe noait de wapens hoege to dragen, in troud man en in ienichst soan bleau altyd frij. Det wie ek sa 's it hearde, dy twa der hearde it gesach ôf to bliûwen, as skoarjende pylders fen maetskippij en femylje wierne se.
30 En Jehannes as doctor stie fensels boppe alle partijen en boppe alle wet, as 't moast al wêze, det hy him frijwillich oanbea. En Frankryk en Hollân roanen nou togearre yn ien stokramt... O det ongelokkige forboun mei dy staet fen moard en fordjer, det geheul mei dy godleazen!
31 De joune ûnderstie hy Jehannes der al ris oer, hwet der him fen tochte, om it los jild safolle mûchlik yn fêst goed to bilizzen, hwent it like him ta, rare tiiden stiene hjar to wachtsjen. en dy hâldde al fen fierrens it brief yn 'e hichte.
32 Der wie hy wakker mei op 't snjit, dizze noeging. Hy waerde âld en krebintich, mar al waerden de knibbels ek sa stram as de forruste knieren fen in âld doar, dit foel der yn as in stik bûter yn 'e brij. In bult freugden hie syn libben oars net sa daegliks wei.
33 Sneins fensels nei tsjerke en hjertsmis en maitiids nei de fémerken en sims ris to jimmetiten nei Wolmoet en dy's, der bleau it ek al by. Det hiene de feestdagen fen syn libben west. En Wytse glimke ek, de jonge skalk boarte yn syn moaije greate blauwe eagen.
34 Sims op de dead tolânne ef dominearen om in dûbbelstûr mei in foarsje, as wie 't om in kaptael en sa gyng de tiid al trêdzjende wei as in âld sleauwkert fen de lette hjerst nei de winter ta. Dy deis lieten se hjar togearre to Eastemar by de Wâl delglide en setten ta op de greate sted fen Ljouwert.
35 Wytse lei op, Foppe-om hie 't maklik yn 'e lijte fen syn brede, jonge rêch. It wie in bliid weromsjen dêrre, al bigrutte it hjar tige om 'e Ripperda's, hwaens hûs forbâlle wie en dy-t nou fier fen 't biwende steed omdoarmen, d'âldste út leed om syn wiif en de jongste út leed om syn lân.
36 It biente en de kisten, fen dy hjir ienkear rêst hiene yn 'e feilige Fryske groun? hwer wierne se? Falentijn en Foppe Lieûwes mei Wytse Binderts stiene der stil by to sjen it moed waerde hjar fol Hja swijden It jonge lûd swijde
37 Der foel in wolfoldiene stiltme yn 'e greate keamer. Falentijn nikte byfallich, mefrou Falentijn siet foar hjar út to sjen en tochte oer 'e wirden fen it dicht nei. Der kaem hjar safolle yn 't sin, hwet de giene jierren meinaem hiene, Doedte.
38 ... en mefrou Ripperda. Hy kin ek skilderwirk meitsje op glês en soks en de Hamsters binn' sa greatsk op him, der 's gjin fornimstiger en snoader man yn hiele Fryslân as master, sizze hja. En hja fregen mar efkes as pynstillingkje hjirfoar de som fen fl.
39 700.000. It wie der raer oan wei gien, do-t dit yn 'e lêste Nationale Forgearringe op 't rabat kaem wie, fen Beijma hie der fensels lyk foar west en inkelde oaren, dy-t ek graech út in oar syn pong stielen, ek, mar Schimmelpenninck, de foarsitter en in bult mei him, der fûl tsjin.
40 Hy neamde it selst in polityke foroardéling, sûnder yen forwarre to kinnen, ja, hy hie it optlêst in polityke roof neamd. In Frysk bistjûr bistie nou net mear... it hiele lân hie nou der oer as bistjûr to sizzen. It wie nou optheden stilsit, Falentijn tochte, it scoe wol yn 'e dôfpot reitsje.
41 En einliks fortelde 'r fen fen Rhé, ho-t dy sont fen 't hjerst gjin bern mear hie... Hjir siet 'r... en thús wierne der noch fiif en selst gjin hier wie him noch syn heit en broer krinkt yn 'e reboelje foar Dockum. En Poppéus.
42 ... dy wie pakt fen it needlot, dy moast weiwirde, suver as in flokje skûm op in wiide sé. Hja waerde efkes rillerich yn hjar waerme smûke keamer, krekt as ware der in fortuteaze geest om hjar hinne. Hwer scoe 'r tahâlde? Hja wisten fen yn Ingelân, de doctor krige sa nou en den noch ris tynge
43 En Foppe-om seach him noch oankommen dy moarne fen syn flucht op 'e moaije fos en by him in ûntwyk siikjen... Hy hie him net mear bidimme kind en de triennen wierne him út 'e eagen dript. En biskamme 'r him net oer..... Hja scill' werom komme, as it Ien syn tiid is.
44 Dy is machtiger as allegearre. Hy jowt biproeving en útkomst beide. It klonk as in bifestiging... Ja, in christen syn reize gyng biswierlike wegen lâns... Falentijn diich halen oan 'e piip, de wolkens reek stouden dernei en de oaren spilen ek net swak by.
45 ... it meij einliks noch gjin wird ha, det it regear wol somliken fen 'e âlde reginten weromroppe en jowe se de âlde posjes wer. Binn' hja der net mear, den de bern. It possenaesje fen 'e jacobijn, fen 't strang regear, is útspile.
46 Hja ha hjar eigen stâl forbûke. Wrede hearen, koarte regearen... En as de sabel hjar wirk dien hat, komt altyd de chirurgijn en dy bringt salve en smarseltsjes, om de boel wer hiel to krijen. Hwet seistû, Jehannes? as sinneskyn gyng 't oer 't earnstige, brune antlit
47 Better noch scoe 't wêze, as der nea sabele waerd'. De knibbel op 't boarst fen 'e ûnderlizzende partij is altyd gefaerlik. Der kin ris in tiid komme, det de tramtearre, dy-t him net forwarre kin, wer sterk wirdt en den... as 'r syn maten ropt.
48 ... den... Do gyng hy der stil út. Hy hearde syn lytse jonge yn 'e sydkeamer kriten... Wytse loek al ris fiis oan 'e noas, it roek der net sa botte fris, mar Foppe Lieûwes moast alles sekuer troch de greate fok bisjen en frege doctor Falentijn hast de earen fen de holle.
49 En do gyngen se fjouwersum nei minhear Baerdt to kofjedrinken. En der hearden se wûnder nijs. En ús lântsje komt den to sitten as twisken twa fjurren yn 'e yeske, det scill' jimm' sjen. De middei's om twäen hinne brocht Falentijn hjar wer nei de Túnsterpoarte.
50 De reis nei hûs scoe wer oangean... It waer wie stil. Der loek in bilutsenheit oer 'e loft, in sulveren gaes, hwet biskûmme fen wyt. De sinne skynde der efter en hie eat fen de bliide, teare laeits fen in bern efter in spegelige rút, hwer syn mûlewasemke op stiet to pereljen.
51 Wyn wie der net folle, de wimpelkes fen 'e fêstfêrzen skippen yn 'e stedsgreft roerden hjar net en de reek út de foarûnders stie as in plûmke út. In séfûgel fleach yn moaije slingerbôgen boppe de skippen, in hin op in heechladen turfskip keakele maitiidseftich.
52 Foppe Lieûwes seach det út en sa it Súd yn oer 'e greft de kant út nei de Hôven. Der efter dy hege beammen groune de loft, stie as in rjuchtlutsene streek in tsjustere wolkenbank djip oan de einder. Wreed like hja der to wachtsjen, krekt sa lang, as it hjar tiid wirde scoe.
53 Den scoene wyt en swart wer fechte, ljocht en skaed, krekt as oeral en jimmer yn 'e wrâld. En wer scoe ien it winne. Hokker, ja hokker den dochs...? Wytse lei wer op en Foppe-om hekke oan It gyng mei staesje op hûs ta Syn donker hier glimde, as wie 't roetswart
54 Do forswolge de wiide fierte se yn ien slok. Foppe Lieûwes en hy wierne âld, scoene se inoar ea weromsjen? tocht 'r Eltse winter stjerre der âlde beammen yn 'e bosk, oan eltse stamme leit de bile ré, mar hokker as de earste wêze scil, is gjin minske wysheit jown to witten
55 Den scoe hy him yn frede deljaen kinne en syn siele hjar stil flije nei de Heare syn wil... in bern nei Heite wiis bistel. Like it net in dream, al detjinge, hwet foarby wie? It boartlik geflinter fen hwet sinneskyn by 't maitiid oer in fryske finne
56 ... it opkommen fen in tongerbui oan 'e einder oer in stille mar, hwer selst gjin forweech fen reid ef snilen to bikennen is? Wille en leed yn 'e palm fen ien hân, alles in nietichheit, in plusterke, waeijend oer in oneinich great heidelân en dochs en dochs
57 ... yn it herte wie der in sear steed fen oerbleauwn en... wémoed, as de joun komt mei syn iensumheden fen stjerrend lûd en wyljend ljocht en in siele, dy-t hjarsels werfynt út it gebolder fen de dei yn dit hjar eigen skûl fen stiltme en omtinken.
58 De dagen wierne as gloarjeridders yn gouden rêstings en de nachten as wûndere mearkes fol fen mesyk en ritsel fen sulver en sprinkels fen blommekleurigheit hjir op it eilân fen Wight. Fjouwer jier hie hy dit alles sjoen....
59 Nou moarn gyng hy foart, foargoed, om syn hear to folgjen nei it nije frjemde plak. Ryklef Ripperda striek him it hier hwet fen 'e foarholle wei, wylt hy op 'e binneplaets hinne en wer kuiere. Harkjende hie hy syn aerdigheit der oan.
60 In greate sulveren wolken kaem út it Suden oanseiljen as in fjouwermest koffe, alle wite seils op en sylde de blauwe loftsé lâns, ien amerij in biwyske fen in skaed oer de poarperen skieppewolkjes smitend, dy-t as bern yn in herntsje boarten.
61 De sinne siet efter in dize biskûl, it blau en poarper oer 'e bosken yn 'e fierte forroan stadich yn in djipwaerm feletten, hwer in pear ielreagers sulverkleurich by ôfstieken. Moaijer oarde op de wrâld scoe min mar komselden fine kinne, tocht him en joech him willeas nei de tsjoen fen dizze frede.
62 Heal winske 'r yn syn hert, hjir bliûwe to kinnen, heal winske 'r ek al wer de foroaring, om ek syn kâns to habben. It wie ommers in tiid sa fol biroering, elts minske hie om sa to sizzen syn greate kâns, foaral op it oarlochsfjild, om it fier to bringen.
63 Derom net, oant nou ta wie hy net ien fen de lokkigsten, in earme Odysseus, in swerver, smiten fen it lot hinne en wer as in eskenwjukblom oer in wrede spjirrebosk, hwer hja gjin hael fine kin om del to saeijen en gjin fêste groun for it skraech amjend piidtsje.
64 Altyd alweroan de swerver, nou 't yn it egen lân de ban oer him útspritsen wie. Wer droech 'r 's kenings klean, wer sierde him it wapen der eare. Nei in bult geskermesear wer mis, it like, as lei de flok op alles, hwet der mar ûndernaem waerde tsjin det frânske gespús.
65 Ien tel bipaelden syn tinsen hjar wer by dy tiid, de lânning by nacht op hollânske groun yn 'e stille, beamteommantele dunen, de grize heitelânske loften, yn it Easten de sulveren kûm fen 'e Sudersé, hwer hy in bult fen syn Fryske fiskers op wiste, de netten sinke littend yn 'e stille nacht.
66 ... it âlde hûs fen Porter mei 't wiis trapgeveltsje, dy-t miskien nou wol foar 't finster stie to stoarjen nei it Skoorler dún út en noch fierder yn 'e Bjirmen, hwer nou diselde wyn oer waeide, de âlde stins en der wie heit...
67 In hûs yn 'e Wyckeler bosken, hwer hy Anne wiste en hjar bern... Hy helle út de binnebûs fen syn uniform noch ris wer de brief fen Jehannes Falentijn en hy lies noch ris wer, hwet 'r skreau. Hunne wegen leidden ook veel malen naar de Slotermeer en hebben ze onze vriendinne Stine dikmaals bezocht.
68 Zooals Gij weet, ligt Anne van Rhé daar thuis, zij is haar tantezegger, en is daar wel besteld, alsdat zij plan heeft, daar metterwoon te blijven. Haar zoon Henricus is nog hier en woont bij zijn grootva in. Laastmaals, toen wij van UEd.
69 Spraken, als zijnde van doel, zich naar Duitschland te begeven in 't gevolg van onzen Prins-ik docht, zij mogt het weten, is het niet?-verschoot zij zeer van kleur en was den ganschen avond in zich zelven gekeerd en stil En fierôf fen him, lykme allinne, moast se nou hjar stryd stride!
70 En in angeltsje pripte fûl yn syn hert: wie der hwet twisken hjar en Jehannes? Prate 'r net faken oer hjar yn syn brieven? sette 'r se net altyd tige heech? En hy wie widdener, ryk, yn oansjen yn Ljouwert as gjin twadden ien
71 It páste dy twa, martele hy himsels al tinkende wei. Grimmitich gyng 'r yn 'e hûs en sloech de doarren efter him ticht, det it dreunde der oer. Eat moast 'r dochs syn lilkens op koelje, eat, al wie 't den ek mar in stik hout.
72 Hast hjir altomets dyn herte forlern? den is alles as in stikje glêspeslein sa tear Sá wie dy lêste joun der op Wight, neat barde der, neat foroare der en dochs De ryp fen it libben wie der oerhinne gien as in nachtfroast oer de griene greiden
73 It earste frisse grien, de earste blom, det wie it net mear. Mar it sette him dochs wer nei bloeijen for in twadde risping en al wie der yn 'e bitterheit fen 'e earste dead, dochs wie dit ek wer moai, hwent it joech in earm herte treast.
74 In deimennich letter waerden de toerren fen Hampton Court wei yn 'e fierte, de Prins mei syn gefolch forliet it gastfrije Ingelân, det him in jierjild tasei hie fen sechtstjintûzen poun sterling, (ûngefear f 190.000) en de Prinses noch ekstra in forearing fen sechstichtûzen poun sterling (f 720.
75 De measten fen 'e trouwe Friezen hie hy om him hinne, syn lotgenoaten wierne it. Hy seach ris stoarjende wei nei hjar en syn each bleau ien amerij yn ljeafde rêsten op 'e kante figuer fen Ryklef Ripperda. Scoe 't him ek sa nei gean as him?
76 Sa as in reid hinne en wer slingere wirde fen syn gefoel? Och, hy wie noch sa jong, den is in minske noch neat oars as in spyltúch en alle ding ljeaflik om him hinne en folbisnare wachtet 'r op it greate, rike libben om him to bispyljen
77 Letter wirdt it oars, den komt de stiltme, as der gjin gesang mear is en de snaren d'iene nei d'oare springe, de hân mêd wirdt en it lûd ynein... Hja wierne trou, dy Friezen, nou gyngen se mei him yn in nije forbânning. Om it lean hoechden se it net to dwaen, hja bleauwne by him om himsels.
78 Neat scoe hjar skiede kinne fen him, as it moast syn eigen wird wêze, det hjar it bliid boadskip bringe koe fen 'e frijmakke wei nei it eigen lân. Den scoene se gean... foartdaedlik. Hwent it lân, it Fryske lân! gyng noch foar him, det stelden se boppe alles
79 Syn bloed kroep der ek hinne, wierne syn foarâlden der net berne? hiene oaren der net lange tiiden húsmanne? Der lei in bân twisken Oranje en Fryslân, hy wie as in ring en yn 'e bislettenheit fen syn rounte leine skatten biwarre fen trouwe ljeafde, alles ienfâldich en echt, suver lottere goud
80 Hy biet him op 'e tosken, it moed waerde him fol, nou 't it ôfskie taknypte en Hampton Court oan 'e einder fordwoun. Hja hobbelen troch it lytse London, de onsljuchte strietten lâns en krigen einliks de greate Tower syn mûrren en toerbulten yn 't fesier en it blinkende wetter fen 'e Theems.
81 Wetter, altyd frijdom, altyd feilichheit! Ho ljeaf hie hy it wetter, de Noardsé, dy tsjin de bloune Skeveningkse dunen oanklotste, de wiide wettergatten om Leiden en Haerlim hinne, de stille dúnkûmmen yn it Castricummer en Skoorler dún!
82 Leine se net as blauwe eagen him oan to sjen, as 'r der yn 't foarige jage op hart ef fokse, in fleurige, kleurige ruterbinde efter him oan, syn jonges op 'e side en it moed sa frij, sa rûm as in bliide ljurk yn 'e hege loft.
83 Strak ansens gyng nou de reis oan, hy scoe tichteby al dizze plakken lâns farre, in goede kiker scoe se noch tichter by him bringe, mar syn foetten hjar printen scoene der miskien noait wer stean, likemin as Ripperda sines yn Fryslân.
84 As in beam, midstroch houwd, sa wie dit hjar libben ek yn twaën spjalt. London glied al fierder en fierder foart, de sé kaem tichterby, effen fen gong folgen syn skip de oare skippen, goed biwapene him as selskip en help meijown, hwent loerde de Frânskman net oeral?
85 De twadde joune farden se ticht oan Hollân lâns, seagen selst hjir en der it wiffe ljocht fen in fjûrtoer. Hja hiene gjin inkeld ljocht, yn 'e kajuten efter de pottichte blyntsjes barnde mar in inkelde kjers. It folk diich swijgsum syn wirk.
86 It wie sa near det allegearre, krekt as hie min in deade oan board. Sa kamen se yn Hamburg en do nei in goed wike yn Dillenburg. 't Wie krekt, as 'r yn side foel en it gefolch mei him. Hjir hie hy den einliks rêst en hwet oars bigearde hy ek net mear.
87 En de jongeren? Dy lieten de moedfearren ek hingje, songen yn mineur de âlde wizen Hy koe se oars neat mear oanbiede as in lyts lean, as se by him yn tsjinst bliûwe woene en det scoe krûmmeljende wei oppluze wirde moatte, sunich by 't waltsje lâns, en dochs!
88 Ho 'n goed diich him det! hja sloegene bliid ta En bleauwne by him yn syn needrigheit selst guont fen Oranjetagedienen kamen wer op 't kjessen It folk bigoan stadich wekker to wirden út syn dronkemansroes en bisochte, al hoartsjend en stompend, alles wer yn 'e âlde foegen to krijen
89 Hwet wierne sokke tatidings út it heitelân treastlik! en yn elts herte krige de forhoping fat: scoe der einliks forlossing komme kinne? Det tocht Ryklef Ripperda ek faken Wol naem de syktme in skieding mar 't koe noch jierren dûrje, eart dizze slimme goarre syn onhurens genezen wie
90 En dochs... Ynienen stie de frjemde, nije wirklikheit foar him as in sterk jongkearel en treau him yn ien triûw de kant út, der it lot him ha woe. It kaem as in dream... it oerstjelpte him sadanich, det hy it hast net leauwe koe.
91 Wer krige hy it brief út de fesjebûs... en seach nei it forware antlit fen Ulrich, de jeneveroaljekoop op 'e hoek fen 'e âld sopha, him sa bikend en o in sé fen oantinkings bigoan oer syn hert to brûzjen: Bouwekleaster, Wolmoet, de flucht nei 't frjemde lân.
92 Hy hie mear blydskip forwachte by dizze tynge. Ho hie 'r him spoede de hjitte simmerdagen om hjir to kommen en de jonker sels it boadskip to bringen! De wirden stiene der sa kâld en ûnforskillich en och, hwet hâlden se dochs wol net yn!
93 Wer as frij man, de holle heech! yn it heitelân komme to kinnen, heit werom sjen! de Ljouwter frjeonen en Anne Yn in bliide fierte seach 'r nou ynienen alles moai en nij De hiele wrâld strûpte it âlde tsjustere kleed út en stie foar him, like glimkjend en fol ûnthjittings as ienkear, lang lyn
94 Ulrich bleau in deimennich syn gast en diich hiel hwet saken derby, hwent de hânnelsman yn him slomme nea. En Ripperda gyng nei syn Souverein mei it bliide nijs om dy der oer to rieplachtsjen en as 't him goed like, tastimming to freegjen, om foart to gean.
95 De Prins suchte. Wer in banneling, dy-t thús forwachte waerd, wer ien, dy-t hy miskien nea wer sjen scoe. En syn frjeonen! mei in nuvere mingeling fen blydskip en drôfenis hearden se nei dit syn boadskip Der wie safolle foroare, neat scoe hy weromfine fen hwet der ienkear west hie
96 Krekt as loek der in wolken oer syn sinnige, bliide dei, sá foelen dy wirden yn syn hert. Scoe 'r it oandoare, der nou wer in nij libben op to bouwen, selst in nij fondamint to lizzen, hwer it âlde, moaije yn tûzen splinters en grús tofallen wie?
97 Wie der sterk genôch, om det dwaen to kinnen? Hy fielde him skoarre fen in kreft, sterker as syn eigen, hy wist, hwa 't him nou syn wei ek foarskreau, likegoed as de bittere wei fen syn omswerven, earm en forlitten as in forskoveling
98 En hy diich nei Dy syn wil, démoedich en biredt. Ulrich hie om 't skik mei de jonker syn help in âld guds bisette kind en der hysten se him op in goede dei op, it kistje fol medicaminten hinge him foar 't liif en in greate sek mei krûden bingele him op de rêch.
99 Yn syn great hoed, yn 'e foerring, stevich en wol binaeid, hie 'r in sjou brieven for de Oranjepartij yn 'e útlânnen en op mennich brieveslûf stie de namme fen Archibald Porter. Earst ried 'r sa mei de jonker nei Keulen en derfendenne scoene se oanhâlde op Arnhem.
100 De jonker scoe den de wei mei blydskip gean nei hûs en hy... hy diich syn plichten, om leed en freugde wer to bringen op mennich plakken by frjemde ljue en somwilen pine en smert to forlichten. Ho dielde 'r yn 'e jonker syn lok!
101 Ho licht waerde him yn 't selskip fen dizze jonge maet de lange reis! Yn Arnhem gyngen se by inoar wei De jonker stjûrde syn hynsder it Noarden yn Hy draeide him noch ris om, glimke bliid, do drafke 'r foart En Ulrich en syn âld guds lieten beide mismoedich de holle hingje
102 Der gyng in jong minske nei syn lok... en hjir, och sei! in âld minske nei de dead De lêste deis wie de jonker ticht oan Ljouwert ta op it Hearrenfean Hjir bleau 'r, liet him in goed miel sette, it hynsder nij bislaen en yn 'e weide bringe, hwer hy him in hiele dei yn syn wêzen liet
103 De postwein joech 'r in brief mei for minhear Falentijn. Hwet scoene se opsjen! Mar fensels, hja wisten der al mear fen as hysels allicht Hiene der miskien sels wol hândiedich oan west, om it safier to krijen En de Falentijn's en de Baerdt's hiene noch altyd in sterke earm
104 Jild brekt in bulte slotten en sljuchtet in bulte sterke stinsen. Ho scoe fen Rhé ûnder dizze saek stean...? scoe 't noch ris wer de wraksel wirde yn dizze lytse sted twisken hjar beiden ef scoe him de lust ta fordjer en tigersprong foargoed forgien wêze?
105 Ho scoe it tsjinwirdich stedsbistjûr regearje? En it folk, ho scoe det ûnder al dizze dingen stean? Scoene de ljue him noch kenne? Hy hie ek sa lang foart west Hy scoe se net mear sjen, fen hjar lippen net in wolkomstwird en ho 'n ien!
106 Mear hearre. It libben yn syn onbarmhertigheit swile ryp en grien op en de dead diich it noch folle mear... Hy hie it sa skikt, wykmarkdei wer yn 'e sted werom to kommen, hwer hy ienkear op sa 'n rare menear as in houn útgisele wie.
107 En nou sa yn eare werom! in fêste oanstelling yn 'e bûs! In nij forstânnich regear yn Nederlân oan 't roer, it militair gesach oan kant en miskien, o hiel miskien! ienkear it lân noch ris wer frij fen frjemd onrân Tûzen nije plannen makke 'r, wylt 'r sa op Ljouwert, syn âlde, ljeave sted oanried
108 It wie in sinneskyn moarn, de hearrewei fol folk. As in jonge kening ried 'r mids hjar, al wie syn klaeijing ienfâldich en bistoud, syn hynsder meager en it túch hwette skibbich en feal, dochs ûnthâlde min him de earbied net, dy-t in edelman takomt.
109 Stadich ried 'r sa mei de oaren op, hwet oan 'e kant yn 't gêrs lâns om 't hynsder to sparjen. Der lei Oenemastate yn syn singels en beammen, der yn in bochte fen 'e wei Barrahûs, der Goutum op syn hege terp. En der yn 'e heldere fierte.
110 ..! hy hâldde it hynsder en bleau stean to harkjen der bigoan de Aldehou to brommen It ljeave, o sa lang miste lûd Syn eagen waerden wiet It hiele eardere libben, lei it noch net ris wer op dit stuit as in triljende flinter mei al syn moaijens yn 't hol fen syn hân?
111 Seach 'r it net wer, sa 's it west hie, dit alles, eart it skaed fen it leed der oer gien wie? Deagewoan ried 'r oer de brêge, nimmen naem notysje fen him-ho wûnderlik wie dochs dit alles-en seach efkes skean nei it pompier, hwer 'r syn namme op wiste
112 It hinge der, in boerke stie der foar to lêzen, in skiepke oan 't tou en 't breedskadich hoedtsje op ien ear. Scoe nimmen him mear kenne? nimmen in frjeonegroet for him oer ha? Syn bliid sin sakke, iensumheit bikroep him as in greate spin de bliid iepenkame blom
113 De sted wie him frjemd waen. Der wierne nije huzen kaem en âlden ôfbritsen. It Saeilân fol hynstestallen like ek hiel oars, it folk op 'e striette mei dy bulte Frânsken dertwisken, de frânske úthingboerden foar de winkels.
114 ... de frouljue koe 'r ek al net mear, wierne se ek al fen in oar skaei? Wie der den net ien ljeaf, bikend antlit, nearne net? Der ynienen seach 'r in man oerein gean fen in bank ûnder de linebeammen by de stedsgreft Syn gong kaem him bikend for, al roan 'r stadich en hwette onwis
115 Hy seach nau ta, dy prachtige donkere eagen ûnder it sniewite hier hie mar ien man yn Ljouwert... Ien sprong, hy wie fen 't hynsder en by de wachtsjende man, minhear Falentijn. Kom mei ta uzes en wêz ús gast... Pronica wachtet al sont dagen.
116 It scil ús in eare wêze. Dû scilst hjir lege plakken fine, mar dochs ek noch âlde frjeonen. En hy waerde der stil ûnder. Falentijn seach him fen toside oan, de forfleine jierren hiene him manliker makke en dochs it antlit it karakteristyke, it blijmoedige en it bliidbitrouwende net ûntnaem.
117 En togearre kuieren se troch it folk nei Fâlentijn syn hûs. De skerpe, jonge loaits fen him hie it al lang markbiten... op dit stuit wist 'r it... dizze dei waerde ien fen heit syn lêste freugden. De tiid wiisde it út, hy hie net mis sjoen.
118 In wike ef hwet letter brochten se heit nei syn lêste hûs, âld en sêd fen dagen yn 't acht en sauntichst fen syn libben en leine him to rêsten neist syn Hanne. De âlde beam fortoarre, hie 'r dochs it útsjitten sjoen fen syn nije, griene loaten.
119 Ryklef Ripperda diich alle war, om it âlde hûs, hwer safolle oantinkings oan forboun wierne for him en syn folk, werom to krijen. It slagge al moi ridlike gau mei Falentijn syn help. Ik leau, ús jonker is wer thús! En sa waerde dit fet bikûpe
120 It wie krekt, as rekke in hiel stik fen Ljouwert wer yn syn hear en fear, nou de jonker wer thús wie en it folk him somtiiden troch de sted kuierjen seach. In bettere tiid dage... scoene de Oranje's, suchte mennichien,-scoene dy ek noch sa ris werom komme kinne?
121 It gesach waerde smidiger, flijde him mear nei de wil fen it folk, det syn folk wie. En fen hjar eigen folk koene se ek hiel hwet mear op as fen dy frânske binde, dy-t hjir nou in jier ef hwet skepper en skriûwer west hie. it waerde wer hjerst.
122 De minske kearde yn ta himselme, de útflechtigens fen 'e simmer, de ongedurigens fen 'e siel, opswypke fen 'e lange dagen en 'e simmersoele nachten, bisonk ta rêst en it fredige fortoef binnekeamers wie de nije tsjoen, hwer de minske him jerne ta bijoech.
123 Stadich kaem ek frede yn Ryklef Ripperda syn moed nei de greate omkear yn syn libben, dy-t him mear skokt hie as hy sels wol tajaen woe en út dy frede waerde in forlangst berne, sa heftich en twingerich, det al syn tinsen hjar der nou by bipaelden.
124 Hy koe it net allinne mear forkropje en op in joune, do-t Jehannes Falentijn syn gast wie, moast 'r prate, oars scoe 'r stikke. Hja sieten togearre yn 'e stille keamer. Willemke hie de thé klear set en in steapeltsje sânkoekjes op in pesleinen pantsje derby.
125 In pear roazen en in tûkje gielgouden wylde druvebeam yn in kristallen faeske joech in biwyske fen frouljuessoarchsumens oan 't great fortrek, al hie hy sels den ek de blommen sa skikt en de fewielen kjessens fen 'e greate mahoniehouten sopha sa dellei.
126 Der yn 'e hoeke foar 't finster siet 'r jerne mei it útsjoch oer 'e rûmme greiden en 'e kostlike wolkenbiskûmme loften. Sá hiene se der faken yn 't foarige ek togearre sitten en sims woe 't der by hjar allebeide hast net yn, ho de woeling fen de tiiden der ek mar ea in skûrring yn bringe kind hie.
127 En wer wie s'as fen âlds eltse Tongersdeijoune as in feest, de iene joun fen de lange wike, dy 't de minske for himsels redt út 'e sterke brânning fen de woelige droktmedagen. Hast ek al in griis hier troch dyn swarten. Sá sjende kin ik geneze.
128 En Ryklef, sá scoe ik dy ek geneze kinne, leau 'k, fen dyn hiele slimme goarre. Ik siik...? Ik yn 'e pogge? Net wiis, dy-t it seit al bistû it den ek!! Ik hear 't geslyp al fen dyn skerp doctorsmes Falentijn glimke ris en liet it oan it tafal, ho-t syn opsmiten kûgeltsje fierder rôlje scoe
129 Mocht it wêze, Ryklef syn hânnelingen yn fêste, goede banen liede. It bigrutte him, dizze iensumheit wie to swier om to dragen fen dizze sterke, jonge, oergeve, mar ek oersappige persoanlikheit, net fen 'e natuer foarbistimd om as in mûnts troch 't libben to gean.
130 As 't wêze moast, scoe hy it mes noch djipper yn 'e woune sette, sear dwaen, om dizze, dy-t hy ljeaf hie as in broer, to genezen. Einliks rekke it spultsje út, Ryklef woan it, mar hy stume noch. Hwent hwet him skilde, wist Jehannes net.
131 ... it wie hwet slims, it makke him stil en sims bidrukt. En det nou, alles sa keard ta in goed ein, jubel yn pleats fen triennen! It wie hast folle moanne, de loft heal bilutsen fen wite plûmwolkens as in stil lân fol snie Yn 'e fierte rôp in lette skipper syn hallo!
132 Yn 'e stiltme, dy-t ek wie as in wiid wetter, swier fen sliepende deilûden. Hja gyngen nou nei de hoeke ta by de stedsgreft en seagen oer 'e lânnen, hwer de dauwe op tynde en slonk as in wûndere simmerjounssé syn ebbe en floed.
133 In boatsje kaem der stadich oandriûwen, foar de Westewyn ôf, in lyts lantearntsje yn 'e mêst en ticht neist inoar op in bankje in jonge en in fanke, swijgsum en frjemd yn 't bleek ljochtmoannewaer. Stil foer it boatsje foarby.
134 ... en swijgsum gyngen de beide frjeonen wer yn 'e hûs. By it skymrich ljocht fen 'e kjersen socht Jehannes syn fioele en bigoan to spyljen... in jonge en in fanke en in pea, wiksele op in stille joun... Hwer wachtest den noch op?
135 Scoe Ryklef nou syn siel foar him iepenlizze wolle? Hy sei it mei tsjinsin Ik nimme? ik hwet nimme? Us frjeonskip is sa âld en sa yn 't fjûr lottere, wy hoege gjin oanloopkes mear to brûken, selst net foar de alderwichtigste dingen
136 Ik fen dy... dû fen my, wy witte alles fen inoar. Ik scoe net witte hokker... Ik kin det net... Det mei... Doedte wie my der to hillich ta... En hastû der mei ompakt, detst 'ek mar ien amerij miene koest... O stimper, hwet moit my det om dy en der allinne mei omtôge.
137 En nou is 't sa... Kinst dysels goedernôch? Is der neat, det nei Anne útgiet? Leauwst my? It lot hat it net sa wold Hja is for dy biwarre bleauwn, hja is frijmakke fen 'e bân Ryklef Hwerom scoest nou net hinnegean en helje dyn skat
138 It bliûwt net altyd simmer, it bliûwt net altyd jonkheit. Wachtsje net sa lang, as der mear grize hierren komme en bitûmmele sinnen. Wêz bliid en jong togearre en bring noch ris fleur yn dizze âld wente. Ryklef harke, de tinsen yn swiete mimerij.
139 En bizich, as 'r hiel inkeld ris wêze koe, rette Jehannes him dy joune let oan, Spreuken 31 ris goed nei to lêzen en net sa swiersettich to wêzen en âldmannich... Mar it hâldde hwet yn, likegoed as yn 't skaken bywilen, sette Ryklef Ripperda de stikken op 't skaekboerd fen ljeafde ek mar stadich.
140 ... hast al to stadich en miste dertroch sims in goede kâns. Den gniisde it needlot en alle kweageesten gniisden mei. In minske, delbûke fen tsjinstuiten is in maklik offer en sims gau dreauwn yn djipste delte sûnder forset. Mar doch, dizze joun brocht in kear yn syn libben.
141 Hy naem Jehannes syn wirden yn syn acht en bisocht, syn herte forlangst om to setten yn dieden... en Jehannes stibeleare him. Hy sette in reiske nei Langwar op tou, moast min noch net safolle meinimme fen 'e hjerst, as 't mar koe?
142 En mem skreau moije Stine in great brief, as se der noch in dei komme mochten to jimmetiten en ien gast meinimme. Yn in postscriptum kaem de namme fen de gast derby en it forsyk, Anne der neat fen to sizzen. Moije Stine woe hjar der hiel wol for fine litte.
143 Trewis wie 't. De Ljouwters to gast! nifte Pronica, de doctor, âlde bysitter! En hjar âld hert fleach fol ljeafde Ryklef Ripperda tomjitte Hja wist al lang fen Pronica, ho-t dy foarke yn 'e stôk siet dy ljeafde libbe yn hjar herte as in minnedicht fen Cats
144 Pearkeknoopjen bleau min sels jong by, in stikje maitiid wie 't yn in âld minskehert! Hja fortelde Anne wol alles, hwet yn 't brief stie, allinne it postscriptum der liet se gjin wird oer falle en om 'e beurtman, as 'r de Rinse wyn ris forgeat!
145 De Sneine kaem... en oars scoe 'r wêze as al de oaren fen it jier, tocht Pronica en moije Styn frijmitsele mei yn in innichheit fen ien tinsenrin. Wyt en sulverich waeide der in glim fen sulver oer 'e wylgenmoezen, mar de âld stammen bleauwne onforweechlik en stoef.
146 Pronica hie de lytse jonge op 'e skoat en skylde him in lekkere ripe applekoas en seach yn syn prachtige fewielige eagen Jehannes noch ris wer jong en nij. Alde Falentijn siet neist hjar yn 't rountsje fen Ryklef en Jehannes en forlustige him yn it moaije waer.
147 En sa mar sette 'r yn en de oaren foelen him by. Ho klonk it oer it stille wetter, yn 'e frede fen dizze timpel fen natuer! hwer Hy likegoed forhearlike wirde koe as binnen de binaude rûmte fen tsjerkemûrren Sá tochte Falentijn ûnder 't sjongen wei
148 Stadich gyng 't oer 'e stille wetters op Balk yn, sims lavearjende wei, sims, as der boartlike rukjes kamen fen 'e wyn, der it seil spand fen stie, in bytke flugger, al mar oan mei dy hearlike helderblauwe hjerstloft boppe hjar en de sinne hiel stadich sakjende nei de roazekleurige Westereinder.
149 Wie 't tafal ef foege it lot it sa? Ryklef Ripperda seach yetteris as yn in moai frjemd fisioen de dei nei it Wetterlân foar syn eagen, lang, lang lyn Ien skûrring fen in wyn it hie foarby west In kile spjalte de ienrin fen hjar libbens en dreau se elts in kant út en nou
150 ..? hwet woe it lot nou wer? treau it se nou wer nei inoar ta? Scoe 't him nou goedginstich wêze kinne nei sa 'n lang gefaksear? Scoe it? Lytse François roan boartsjende foar hjar út en doctor Jehannes syn lange skonken swaeiden tik-en-honk om alle beammen by de wei lâns
151 Den kraeide de lytse man it út fen wille en pake en beppe glimken. Mar yn hjar glimke beefde it skaed fen in trien... Der sieten se nou yn ien fen 'e hearebanken, Ryklef hwet efter in pylder, Jehannes neist him en de lytse jonge op syn knibbel.
152 Ryklef hie syn each net fen it middenpaed ôf, strak ansens scoe se komme en hy se ien amerij sjen, sûnder det hja ek mar it lytste bilul ha koe fen syn bywêzen hjirre. Scoe de âlde tsjoen fen ljeafde noch ris wer sprekke? It oargel spile sêft
153 ... in lytse Viola di Gamba song berneftich en rein... Do kaem se. Earst de moije, lyts en hastich en foartdaedlik der efter hja... Efkes hekke syn hertslach... do jage syn bloed him fol blydskip troch de ieren. Det slanke, greate fromminsk, dy bloune hierren, dy hals syn swânnebocht!
154 O it wie, as kaem mei hjar syn hiele jonkheit noch ris wer op him ta... Do seach 'r hjar lyts famke en yn hjar wezenstrekken it hearlike lijende fen 'e Mem, de benedijde en de smertdragende fen alle ieuwen. Syn hert waerde weak.
155 Op itselde stuit sloech hja de eagen op en seach him. En bidaerd wei liet se de sinnen fen syn eagen yn hjar blauwen skine. Wie it net in dream, dy middei? Alle jierren O! it hie noch noait hjerst west it moast ommers noch simmer wirde
156 En do-t dy gouden hjerstdei nei de ein gyng, sei 'r tsjin hjar, hwet der yn him omgyng. Net in bult omhael fen wirden brûkte 'r ef in moai opsteld petear... de tiid hie him it dichterlike uterjen fen 'e jonge jierren forleard.
157 Ho stiestû der ûnder, Anne? Det koe 'r net ha en naem hjar lytse kâlde hân yn syn greate, as woe 'r hjar sa treast bringe Alle greate lok komt dûkende wei ta ús troch de poarte fen it leed, det wistû dochs ek wol, net? Ien fen myn bigearten is forfuld, det 'k wer yn Fryslân bin
158 Meitsje dû my ryk en gin my de oare. Dû jowste dochs ek noch wol hwet om my? En yn de dagen, dy-t nou kamen, bimûrre hy se yn syn ljeafdetinsen as de sterke beammen fen 'e bosk it de lytse blom dogge, dy-t op in sinnich plakje yn hjar foarmidden stiet to bloeijen
159 Hja fielde hjar nou feilich yn 'e greate, iensume wrâld, der wie in biskermer, der wie nou in thús oan 'e ein fen de dagen ta. En boppe alles wie der syn ljeafde. Hiel stadichoan koe se mar wenne oan dy rykdom... It wie hjar to great, ja alles wie hjar hast to great en to wûnderbaerlik.
160 En do-t it wer winter waerde-wer de lange, bange winter! helle Minne Pjirkes in âld skaefbankje yn 'e koken fen it greate hûs fen de Ripperda's en stevige planken en hy hammere en sage en timmere it hûs hast út inoar Op in distânsje foar him út kuiere de jonker mei syn jong wiif
161 It like him ta, as kaem nou Ljouwert wer sahwet yn syn âlde sitewaesje. In fûgel naem in siedtsje yn 'e bek en fleach der mei foart. It foel earne del, sprútte, woeks, waerd' great, waerde in keninklike beam, en joech in skoft syn ljeaflik skaed oer de wrâld.
162 Seach de moannen rizen en sinken, seach de jierren en de stadiger rin fen 'e geslachten... En op in dei kaem der in stoarm, fûleindiger as de oaren en hy, de âlde beam waeide om, yn 'e stille nacht, dy-t der op folge, foel 'r.
163 En in hopen misten syn skaed en stoarren nei it lege plak. Sá hie it libben fen âlde Falentijn west. Fol bitrouwen wie 'r troch de lege, tsjustere poarte fen 'e dead gien nei it ivige libben yn 'e feilige bystân fen Him, dy-t hy al de dagen fen syn ierdsk bistean forhearlike hie.
164 Syn ein wie frede. In frij Fryslân, in frij Hollân, it hie him net mear barre mocht, det to sjen. Och, it like der nou minder nei as ea tofoaren. De Kempenaars wierne Oranjemannen en hiene det noait ûnder stoellen en banken stutsen.
165 Scoe 't nou allegear wer hwet yn 'e âlde foegen reitsje kinne? hopen de ljue Mar de strûp waerd' noch tichter oanhelle, de keizer dêrre yn Frankryk moast for al syn geöarloch al mar oan mear jild brûke en hwer scoe hy det better weihelje as út de forovere ef skatplichtige lânnen!
166 Sa njonkenlytsen wei kamen der trije en tweintich soarten fen bilêstings. Sûker waerde fleanende djûr, kofje en toeback, och it waerde allegear in greateljue's snobberij en de mindere man koe der op sjen. Hwet kaem der op sa 'n menear fen 't gemaek tolânne?
167 De tracteminten fen 'e doomné's waerden net mear útbitelle, hja litten earmoed yn 'e útwenne posterijen. De diakenijen hiene gjin jild mear, om de earme minsken hjar wykliks ûnderhâld to jaen... sa bisûrren alle stânnen fen 'e maetskippij fen heech ta leech de oerdwealske dieden fen 1795.
168 't Wie al jierren oan nei de bidelte ta gien, mar nou mei dy frjemde keizer, dy alderfinaelste tramtearder noch fen allegearre, like it wol, as scoe Fryslân earm makke wirde. En al mar mear ynkertierings kamen der wer fen forsutere soldaten, der om de iene ef oare reden en hokfoar reden sims!
169 De fetweide for nedich wie en nou nei det rike Hollân tastjûrd waerden to tsjokiten. En út 'e fierte út Parys rôpen se al mar oan om frijwilligers for it leger en ek de Friezen waerden der foar spand, om dy to leverjen en se op hjar kosten út to rissen en ek mar mei de rejale hân.
170 Sá waerde Fryslân, ienkear frij, ryk en yn oansjen, fornedere ta ien fen de slaven, dy-t de wrede striemmen fen 'e beul Napoleon op it earme lichem hagelen. En itsij yn Parys, ef yn it leger to fjilde, fierde de Corsicaen syn oerwinnings.
171 Hofolle jonge minsken as der om slachte wirde moasten, om ta sa 'n oerwinning komme to kinnen, hwet telde det? As hy syn bigear nei it allinneregear fen 'e hiele wrâld mar ien stap neijer foar him seach, it mar bilôke yn 'e fierte, den maelde al it oare him net
172 En alles slagge... it lot wie him ginstich, sa 's it op millioenen sims ien inkelde der útkipt en alles rynsk jowt ta in tiid ta, om him den alles to ûntroovjen en ûndergean to litten yn 'e djipste ellinde. Ho waerden se derfor straft en neiriden oan alle kanten!
173 Hwet him ek mar in bytke mishage, waerd' weismiten en totrape. Syn wiif dielde ek det lot en in keizersdochter moast hjar bijaen nei de wil fen de lytse boargermanssoan, as se tominsen net woe, det hjar lân teistere wirde scoe fen in oarloch.
174 Lânnen en folken waerden as bûgbere reiden yn syn hân... hy spjalte en forienige nei bihagen en nimmen doarst syn lûd mear forheffe tsjin him. En der op in dei, in freeslike dei! wie it ynienen dien mei it útrissen fen 'e frijwilligers
175 De Friezen sels, skatplichtich nou net allinne mear, mar ek bloedplichtich, koene hjar klear meitsje, om ek foar 't kenon set en slachte to wirden. Der klonk in skreau fen ûntsetting... Hwet wie det? Nou barnde it den op 'e neil
176 Dy hie al genôch lijen hawn yn syn libben, dy moast nou mar ris hwet kenyntsjedagen ha mei 't wiif en 'e lytse bern, twa ljeave ondôgense jonges, hwer syn prûk nea feilich foar wie en dy oaren! dy blauhoazzen! dy beamkedânsers!
177 Lieten dy hjar eigen sûre môlke-en-bak mar tsjinsinnich opleppelje. Licht hiene se yn 't foarige wol gniisd om 'e jonker en hwet him do bidript hie, bireinde nou hjarsels. Sa 'n sêftsedich man wie 'r net, om hjar to bikleijen, hy ginde it hjar fen herten by fiifkops mjitte fol!
178 - In lân, as it syn jonkheit kwytrekket, wirdt oantaest yn syn hertesaed, likegoed as in beam, kerfd oan it mark ta... Stadich bledt 'r dea oan syn woune... Hwet det ynhâlde, der hoechden gjin doekjes om woun to wirden, it roan út op 'e dead oer in wykmennich ef miskien nei hwet langer tiidsforrin.
179 Suver minder as in stik fé...! en en sa opoffere to wirden for frjemd! En dodestiids, de âlde regintetiid, hwet waerde der net op ôfjown, folle en net genôch! De grytman kening, waerde der húnlake, dy moast de jonge douwen ha en de fetmeste kalkoenen om Krysttiid hinne
180 It wie: licht de hoed! as minhear foarby kaem en: licht de hoed! noch ris wer, as 'r werom kaem en as 'r skoaide om in stim fen in skotsjittend hûs ef in kampke lân, den diich min mar gau tsjinstich, hwet 'r woe O mieri, mar nou!
181 It jild waerde yen ôfpûlke fen frjemden en for frjemden. Gjin sint bleau yn 't eigen lân. Hja koene him net, alhowol se yn alle ding de gefolgen ûnderfounen fen syn wil, in wil, hwaens suggestive ynfloed Leoëftich mei tûzen fangearms oer lânnen en sëen hinne rikte.
182 En stadich, noch stadiger as yn de dagen fen it Collumer oproer, groeide der wer forset. Fryslân wie wol lam slein, mar noch net dea. It rommele oeral, as fen in broeiërige loft, dy-t him noch net sette wol ta in swiere bui.
183 It is blokstil... de sinne skynt noch, al is de loft ûnderset en grimelich en ongedurich fol gekring fen wite wolkjes as njirkes hjar sulverige slangelyfkes yn 't blau omdwelmjend, ont se einliks yn in fiere hoeke fen de loft kleauwnje ta stivere frjemde witens.
184 En wachtsje, ûren, ja sims dagen lang, krekt sa lang, as de wyn hjar op de wjukken nimt en de wjerljocht syn pylkoker follaedt en se loslitten wirde oer it stille, hymjende lân. En fordjer bringe en slimme bisikings en einliks, o dy freugde nei de binaudens fen in ûrmennich!
185 ... in stiltme, hwer in fûgel út op bigjint to sjongen en de sinne, sêftgiel fen hiele teare spegeling tsjin de roetswarte loft, út op bigjint to bloeijen... Sa broeide oeral forset, al kaem it noch net ta in útdroegene saek.
186 Utkloarkers brochten it oan, ho 'n wjeraks de ljue net hiene oan it Frânske gesach en ho min as 't hjar oanstie, det de Kempenaer syn affysje oerdrage moast oan baron Verstolk, do-t kening Lodewyk yn 1810 ôfstân diich fen syn troan en Napoleon Hollân mei it keizerryk forienige.
187 Hiene de hearskers fen it âlde Romeinske ryk det ek net as wachtwird hawn: brea en boarterij! Hâlden se der de ljue net mei yn de blâns? Stoppet min der ommers alle folken fen de wrâld de mûle net mei? En derom hinge Ljouwert yn touwen, dizze Moandei fen 'e tsjiende Juny 1811
188 Jister hie 't al feest west, mar nou hjoed scoe de bûter noch oars jild jilde. It jild for soks, hwer moast it wer weikomme? suchten de forstânnigen, mar de measten tochten der net iens om Plesier meitsje, ien amerij alle noed en soarch forjitte, yen útspringe as jonge keallen yn 'e maitiidsfinne!
189 De Prefect, monsieur Verstolk, hie ta eare fen de greate draverij op dizze heuchlike dei in prachtige gouden swipe útloofd, wol tûzen goune wirdich en der bleau gjin âld wiif by de spinwiele dy deis... o ien mar falle mocht út dy greate, lekkere koer.
190 En der in lange rige fen weinen twisken troch wrottend, earst ta 't lytse poartgat yn en den der wringende en kantroerende wer út. De measten hiene der in hys oan, om baes to bliûwen oer 'e hynsders, mar Roanes Gearts op syn hoarnseweintsje wie 't en bleau 't.
191 De brunen hiene ek al in mars efter de rêch fen fen 'e moarn ôf, seagen net sa gau spûk, alhowol se nou de earen ek al opstieken... De frouljue, det wie in tear steed. En efter op in sêft bikjessene swânnenêst siet Foppe-om allinne as in âld kening.
192 Minsken, him allegear like nei... minsken, der hy mâl mei wie. Efkes fielden de hynsders de sterke hân, hwer se fen mend waerden, pynlik yn 'e bek. Njúd wierne se troch de master syn rêst en bidaerdens, dy-t hja, de dieren, selst fielden yn 'e greep fen dy hân.
193 Sa rieden ek hja ta de hjitte sted út en kamen wer op 'e rûmte en joegen hjar nei it pleatske fen in fiere miich fen Foppe-om, Sjoerd Hindriks, ta en der spanden se út en koene de frouljue earst hwet ta hjar sels komme nei 't geskommel fen sa 'n ûrmennich op in minne wei fol hichten en lichten.
194 De manljue seagen fol niget, ho fet as hjir de lânsdouwe wie en hokker skoandere bisten roanen der net by trijen en fjouweren to weidzjen! En hja koene it net litte, hja moasten der efkes hinne en bisjogge se Foppe Lieûwes en Wytse Binderts seagen it allebeide tagelyk en tochten ek itselde
195 Ús oranje, wyt en blau? Bitrou der op Dy kearel is nou op 'e heechste top fen lok By al syn onwettigen hat 'r nou tominsen ien wettige soan, syn hertewinsk En nou moat hy yntkoart ek bitelje, likegoed as eltsenien Alle minskelik lok keapje wy ommers mei triennen
196 Lokkich, ast syn priis wirdich is den... En de bern moatte it nou ek al leare op 'e skoalle. Dû hast him sikersonk foartdaedliken forskûrd? Den kinn' de bern letter ris sjen, as se great binne, ho-t wy ûnder Frânske kwiënaesje sitten ha
197 Ik woe dy yn dit stik fen saken wizer ha, Wytse. It ha der earst for bitanke, sa dryst wie ik yn myn oermoed. En der kaem in andert op fen Ljouwert... it wie as 't sissen fen in slangetonge. Ik tochte om Teatske en de lytse bern.
198 It wie it mes op 'e kiel... Ris ien amerij de soargen oan kant skouwe, 't is goed for ús allebeide. En dizze draverij, det 's noch ris de moite wirdich. It púkje fen de Fryske dravers komt der, mennich rit wirdt kamp, tink 'k.
199 In moai hynsder en in moai faem, det binn' for my altyd noch de twa moaijste dingen fen 'e wrâld... De earnst fen dizze wirden foel yn it petear as in kâlde rille. De hirddraverij scoe sa ansens bigjinne, hja koene hast net iens mear in plak krije op it lân, hwer it al swart stie fen minsken.
200 De minsken seagen hjar de eagen hast al út de holle, sa moai wie 't allegear en sa blonk it! En den dy frjemde gesichten, de measte patty swart, smel en bleek, útlânners, kâld de eagen, stoef fen útkyk De hoedden fleagen ôf, hwet groetene de minsken, krekt as wie dit nou earst de maire!
201 Hy gyng twisken it folk troch as in jonge kening, wis fen de ljeafde yn alle herten om him hinne. En dit wie nou syn wiif? As in mearke hiene se fen syn ljeafde heard, lang lyn en ho-t se inoar dochs noch krige hiene en nou seagen se hjar libbenliif!
202 Yn al hjar ljeaflike blounens en tearens foarby gean, sels in mearke yn hjar kleed fen sulvergaes mei greate blaufewielene blommen binaeid en in hoedtsje op, der foelen de blauwe fearren hjar fen op 't skouder. Hwet wierne se op hjar dré, dy trije!
203 It âlderbêste púkje fen hynsders jage de baen lâns, moaije kleurde dekken op 'e kante rêgen, roaskes oan 'e hoofdstellen, fjûrreade strikken op 'e knope fen 'e stirt. It gyng der om... det wie gjin draven mear! det wie fleanen!
204 En sa 'n kant lyts ding, sa 'n nidige lytse skimmelmerje sloech se allegear en woan de priis, nei 't it earst al ris kamp west hie. fen frjemde rynske hân jown! For in setsje in fordôvingsmiddel, in wynroeske en den Der ûntkaem him noait neat, hwet hjar oangyng
205 Syn Anne, syn nonke... eltse dei seine hy hjar bisit, eltse dei in nije freugde dit hjar bywêzen. En hwet letter op 'e joun, sjeder, der hiene jy doctor Falentijn, om ek noch efkes to fûskjen en ek heal en heal út nijsgjirrichheit.
206 Moast 'r Wytse Binderts syn wiif ek net ris sjen, dy-t ienkear as faem sa 'n moai Nijjiersdicht fen hjar feint presint krige en Wolmoet scoe der ek by wêze, hwer Ripperda sa fen opdien hie! It birouwde him net, kaem to wêzen
207 Hertlik en gol sieten se der mei-inoar om 'e tafel hinne en hy fielde 'r him by thús, as hie hy se jierren kend. En al gauëftich pinfiske 'r ris, wie der ek nijs yn de gealânnen? Ho hiene se it forkeapjen fen in diel fen 'e tsjerkegoederen opnaem?
208 Ho stiene se ûnder de conscriptie? Mar derom net, it diich sear, do-t der safolle fen ús tsjerkejild ús ôftape waerd En nou det opkommen ûnder tsjinst! Earst woene se it net leauwe it hat spand, om de ljue oan 't forstân to krijen, hwet der fen hjar easke wirdt
209 Do-t de earsten foartgien binne... ik forjit it noait wer, ho slim as 't wie. En dy Frânske officieren stiene der mar by to gnizen. En nou... It is in griis. Syn antlit stie tige earnstich. De einen fen 'e beide foarste fingers der ôf en hat him healdea bledt.
210 It is hjar ienichst bern, al hjar hoop en treast. Ljeaver in hân ef foet misse en thúsbliûwe to kinnen as yn in frjemd lân yn 'e ellinde. Den taestten se miskien dochs noch wer tobek op de âlderen. En yn syn tinsen treure 'r om 'e jonge Optwizelers, den wer slachtryp for 't kenon.
211 De lust om to feestjen forgyng him hielendal, stil siet 'r neist syn wiif en wie der bliid ta, sjen to meijen, ho goed as it hjar noch smakke twisken it drok petear yn mei mefrou Ripperda oer 'e lytse bern. Hwet wie der noch in folk op in baen!
212 Mar nei Hirdegeryp waerde it dochs stilder en op 'e Simmerwei wie gjin minske mear to bikennen. Neat as iensumheit fen beammen en bosken! Foppe-om fielde al ris nei syn knyft, fen 'e moarn skerp slipe by de broeksbân ynstutsen en Wytse Binderts diich fen 't selde
213 Lokkich rekken se libbenliif oer dit min steed hinne en moeten gjin kwea folk. Op 'e âld Harstewei fielden se hjar al wer as thús. Mem húswarre by de lytse bern yn Optwizel, hja koene it der nou mar ris fen nimme. Mei it greatste leger, ea noch sjoen, rekke hy op reis nei det Ruslân ta.
214 Yn de earste lynje hie hy 325.000 soldaten en den noch wer 200.000 der efter, om yn gefal fen need to helpen. Sels hâldde hy by Kowno noch sa 'n 200.000 man.000 soldaten. Den scoe hy huf krije, net om 'e nocht liet in Czaar him húnje.
215 Minsken! minsken! noch mear moasten der komme, bioardere Napoleon, hwent hy fielde it oankommen, dizze keizer wie in kwea partij, lieu en bear scoene ommers inoar moete en den wirdt folgens russysk folksgelove it wis de iene syn dead
216 Mar hy! hy scoe yn greater gloarje ek wer út dizze stryd werom komme en in nije lauwerkrâns om syn holle flechtsje litte kinne Nije gloarje! nije hearlikheit! nije forovere groun for de lytse kening fen Rome! Hokker skied scoe 't nimme?
217 Ja hokker dochs... Fryslân, it lytse, net sa ticht bifolke Fryslân, koe wer opdrosse for in tûzen man, hwer ek noch in goed hûndert earme weeskes fen alve oan fjirtsjin jier ta ûnder wierne, sa 's it hjitte om nei Versailles stjúrd to wirden en der it soldaetsjen to learen.
218 It ôfkeapjen wie nou dien, it wie nou, it skoane, ljeave bern goedwillich wei ôfstean oan 'e beul. Hiel Europa seach 't mei oan, ho wyld jagen de herten, al bleauwne ek de mûlen stom... Hokker kant scoe 't oergean... hokker de sege takomme?
219 Wie 't der net as ien greate arena en der yn dy twa imperators en efter hjar millioenen, sa ticht oan hjar lot biknotte, det it ek for hjar dead ef libben bitsjutte? En it waerde de dead! Hjir kearde de kâns fen Napoleon, it diich bliken, czaar Alexander wie sterker as hy en hy moast bilies jaen
220 Moscou gyng yn flammen op, hwer wie nou in ûntwyk for de winter? De greate Russyske rivieren stjûrden hjar skossen en weagen en namen as bút ek tûzenen mei en de winter, de felle winter, de sterke bounnoat fen Alexander wie noch wreder as de greate moardner Napoleon sels
221 Fen de Friezen, mei yn dizze stryd, seach hast gjinien syn heitelân werom. Ho scoene se ek kinne? De hynsders ûnder hjar weisketten ef fen honger opiten, de foetten bifêrzen, gjin iten noch drinken en den tûzenen ûren fier fen hûs
222 ... sá moasten se wol oan de dead forfalle. It alderearste hearde Ripperda fen de prefect Verstolk, ho-t alles der mislearre wie en útroan op tsjinstuiten en ellinde. Napoleon forslein? syn leger fornietige? Is dy ienkear dôve, den is it ek dien mei him foargoed
223 Licht noch ris efkes in flikkering, mar den wirdt dit admiraelskip ek in wrak, toslein fen tûzen weagen. Mar Ripperda hâldde foet by stik en einliks ornearren hja, de tiid scoe it den wol útwize, hwa 't gelyk krije scoe. Hwa-t der yn dy hoeke somwilen húsmannen, hoechde min net to freegjen.
224 Mar sels wierne se âlle trije foroare, âlder, wizer waen en bikipen de wrâld mei hiele oare eagen as yn 't foarige, nou as hússittende heiten, boun oan in deisk bisleur troch femylje ef ambt, dy-t stadich hjar libben sa foartgliden seagen sûnder in bult hoarten en stuiten yn dizze hjar bertested.
225 En dochs! sims! inkeld ris! En dochs Anne hâldde him Hjar ljeafde wie as in teare bân om him, sûnder det hja it sels wiste en sims wrikte hy al en bisochte it noch ris, mar slachje woe 't net De goudene, tichte skeakels hâldden, hja hiene net ien tin steed
226 Hwet der hielendal op 'e groun fen syn hert ommoddere, hja wist der net fen. Hja wie sa wis fen syn ljeafde, allinne de dead koe hjir skieding bringe en neat oars. En it lot en hja wierne noch net lyk... Syn priis wie 't wirdich, mar scoe 't alle priis wirdich wêze?
227 De kranten sa fol langstme forwachte, brochten al mar wûnderbaerlik nijs. It leed hie al lang op 'e loer lei tichteby it hûs fen 'e Ripperda's en yn dy tiiden fen geweldige biroering yn hiel Europa, krige it frij om op in joun ta de doar fen dit lokkige hûs yn to slûpen en him kenber to meitsjen.
228 It bilichame him yn in great brief oan 'e Heech Berne Frouwe Ripperda-Hopperus en lei deagewoan op it sulveren bledtsje, det Minne Pjirkes yn hânnen hie. Fen hwa wie det? hwa skreau hjar? Hja socht de skjirre út de naeidoas en snie him op
229 Mei in skreau fleach se oerein. Yn in omsjoch wie hy by hjar en sloech de earm om hjar hinne. En sa neist inoar fortelde se it him. Alde fen Rhé woe perfoarst ha, hja scoe der joun noch komme. Slim nijs hie 'r, der koe se mar steat op meitsje.
230 ... ik hebbe U zeer groote beroeringe omtrent ons allen te melden... stie der mei in greate streek noch ris ûnder oan it brief. kom! Dû kinst derhinne gean, strak ansens nei kofjedrinken en 't scil wol net sa slim wêze Alde minsken sjogge op alle weishoeken in spûk
231 Hwet der twisken ús is, kin gjin minske ús mear ûntnimme-al it oare is in bykomstigheit, det giet wer foarby, al binn' it den ek leed en swierrichheden. Hwet is der ús togearre net oer de holle waeid! en binn' wy dochs net seine boppe tûzenen?
232 Dû bist in soldatewiif... wêz sterk. Kinst it? hwet bist my alles! Sa bleauwne hja der in hiel set sitten, ont 'r wol wiste, de skrik hie syn macht forlern it oer in oare bûch smite? Dy tins scil ek wol by dy opkaem wêze, net?
233 Lit hjar joun betiid hinnegean. Om njuggenen hinne kom ik den tafallich noch efkes by jimm' oanrinnen, in doctor is altyd treast. De joun kaem oan. De lytse foetsjes fen Anne Ripperda roerden hast gjin groun, sa hird roan se, dreauwn fen oerstjûrens en eangstme.
234 Hy brocht se en krekt as wie der yn it ientônige, wisse stappen neist hjar al in greate treast. Faken kaem se net mear by de fen Rhé's en Henricus wie hjar selst ek al in bytsje ûntwoan en ûntgroeid. En dochs, it wie hjar bern.
235 ... en it bleau hjar bern, al hie se de heit nea ljeaf hawn. Op hjar jierdei kaem hy altyd en naem hwet moaijs mei, Krysttiid en inkelde Sneinen ek wol ris, alhowol it twisken Ryklef en him altyd stiif spul wie. It bleau hjar earstberne.
236 De ljeafde fen Ripperda fielde sa fyn, sims forginde 'r dy jonge de krûmmel fen ljeafde, dy-t him skonken waerde. Den bijegene 'r him sneuterich en bidroefde Anne, mar hy koe net oars. Hy moast Anne hiel allinne ha en sims winske 'r djip yn syn hert, o sounich wie 't!
237 Det 'r dy jonge nea wer seach, hwent hy hâldde jimmer it oantinken wach oan 'e heit, oan 'e greate stryd, ja oan de alderellindigste tiid fen syn libben, do-t hy ûnderlizzend partij wêze moast. Ho lôge ynienen de haet wer op yn syn hert!
238 Ho moast 'r him ynbine, om de kweade tinsen gjin fat wer op him krije to litten en de minsken en dit hûs to forwinskjen! Mar wie âlde fen Rhé net genôch straft, alles net útsoend mei de dead fen syn ienichst bern, hwet 'r den ek misdien ha mocht, ek oan him?
239 En hy seach himsels sa ryk: Anne en de beide jonges! o sa ryk! en syn gemoed forsêfte him om de âld man Hy nou in kening en de oare in earme, âlde bidler Sa tocht 'r kuierjende wei, wylt 'r wachte op hjar It dûrre mar in amerijke, do seach 'r hjar tear, smel skaed al wer yn 'e doar
240 Hja fleach sa hird by 't parradis del, hja seach him net iens. Foart! foart! fen dit steed, wie 't krekt as hjar flugge foetten seine Fol ljeafde folgen syn eagen hjar en yn in stap twa wie hy by hjar Hja trille as in popelbled
241 En ik kin him net misse... It is myn bern... o dochs myn bern! En omtst det sei hast, is der nou miskien noch in útwei Ik scil dy binuttigje, al kostet det my ek noch safolle Ik scil det dwaen om dy en ik kin det dwaen, omt ik dy ljeaf ha
242 Krekt wierne se thús, do diich it bliken, it herte hie de skok net feneare kind en hja foel foaroer op 'e hirde moarmeren gongsflier del en swymde. Hy hie it hek sluten en kaem in stap ef hwet letter en seach se der lizzen. De finsters stiene noch op.
243 ... de kâlde wyn waeide der ta 'n yn, de kâlde maitiidswyn fen April. En yn dizze kjeld bigoan se to riboskjen en kaem stadich ta hjar sels en do-t se wer bigoan to tinken, kaem hjar alles ek wer yn 't sin en hja snokte it út.
244 De fammen droegen linnen lapen oan en sêfte salve, Minne Pjirkes fleach mei de bleate holle der út nei doctor Falentijn ta en sleepte him suver mei, by de jounbrogge wei, sa mar oer de striette. Falentijn seach se en hearde fen it dûbbelde ongelok.
245 Sont in dei ef hwet wist 'r der al fen, det der in stik ef hwet fen de rykste en fornaemste jongefeinten oanwiisd wirde scoene, om de keizer as officieren to tsjinjen. Wierne der guont heiten, ondôgens genôch om hjar soannen net ôfstean to wollen, dy scoene as finzenen nei Parys ta brocht wirde.
246 Dúdliker koe it net sei wirde. Falentijn stoarre in set nei him. Dû scilst gean en freegje in ginste for Popke syn soan en for syn heit, dy-t ienkear it deafonnis oer dy útspritsen hat? En joun scil 'k noch nei Verstolk ta, hy moat myn forsiik stypje
247 As it yn myn macht leit, op hokfoar wize den ek, scil alle leed foar hjar weinaem wirde. Leau mar, it kostet my stryd, it is in swier stik, om yensels to oerwinnen. Mar der is Anne en ik ha se ljeaf. En dû wist as ik, hwet ljeafde is.
248 En sa kaem it, det Ryklef Ripperda de oare moarne mei in ekstrapost nei de Limmer ta ried en sa oer Amsterdam nei de Haech. Ek waerde der sei, hy hie dy Sibren, dy jonge út it Wetterlân, suver twongen om him frijwillich oan to jaen.
249 En nou wie hy werom kaem en hompele op ien skonk en minheare en hy hiene op in joun slaende deilis west. O it folk formakke him sa, ja eltsenien! as dy skarlún syn jonge nou sels foart moast! En hy, hy scoe him to skrip sette, om det to kearen!
250 ... Kniep him nou! lit him ek ris jammerje! Ho faken hast dû det wol net dwaen moatten om him!-fjurre syn kwea-ik him oan Stadich skouwde in oar byld foar syn geesteseach: Anne, tear en lyts, op syn skutte en ljeafde bitrouwjende as op in rots, dy-t fen gjin forwrikken wit
251 En bliidmoedich reisge 'r syn wegen en foun oeral de wirden, dy-t 'r to praten hie, foun oeral it frjeonlike wolkom, mar as 'r oer det oare op 'e tekst kaem, ja den stûke it petear. Scoe it Frânske gesach, it keizerlike gesach ea neijown wirde kinne, mei twa mjitten metten to habben?
252 Hwerom de iene der út to kippen en de oare net? Al wie de pake âld en der mar ien stamhâlder, der hoechde dochs gjin frijstelling om to folgjen It wie ommers in eare-garde d'honneur!-en hwerom der den foar om to krollen? En as lêste troef spile Ripperda de gouden kaert út
253 Hy bea jild... tûzenen, optlêst de tweintich tûzen goune fen skoanheit as limiet steld en op eigen manne boete diich hy der noch fiiftûzen goune by. Mar in keizerlik bifel... det is forheven boppe myn macht en jou goud. Det is wet.
254 Dy stiet by my feilich en noait oan to taesten. Alles om 'e nocht... it fonnis wie fallen en gjin forroppen mear mooglik. Mei lege hânnen kaem 'r wer thús. It simmere sa moai oer 't fjild, de reis op hjarsels wie al in geniet.
255 En it ôfskie scoe hjar yn elts gefal bisparre wirde moatte, it ôfskie mei tromgerattel en mesyk, hie doctor Falentijn sei. De Saterdeimoarne seach se him dos for 't lêst yn 'e greate efterkeamer by fen Rhé's, al fol brol en onhúslikens fen dizze twongene reis.
256 Fen Rhé siet as in bleke skimme yn 'e hoek mei onrêstich flikkerjende eagen, syn wiif skriemde en Sibbel dribbele hastich hinne en wer en bioardere alles en noch hwet. Henricus sels, dy bikroade him nearne om. Hwet scoe hy him der útspringe!
257 Lieten se mar oer him hinne rinne, in noas fol moude is altyd noch better as in liif fol kûgels. Dy-t hird rint, wirdt net strûpt, wie 't sechje en hjir wie 't, dy-t falt, is yn hâldershân. En hy seach der ek gjin kwea yn, al 't folk hwer hy mar koe, om to keapjen.
258 Pake joech in kaptael mei. D'âld man siet oars net folle skreau mear yn. Sjeder me, hy bigoan ek al to skriemen. Och, hy wie ek ta neat mear nut, moast ljeaver yn in gasthús gean to wenjen en wirde der âld efter in finster mei joadebaerd en múskeblommen.
259 Hwet diich 'r him ek noch mei libben en maetskippij to bimoijen! It raesde dochs allegear om him hinne as de stoarm om in âld hûs Djip yn syn hert hie 'r de gek mei dizze pake Hy seach suver nei de Moandei út Sa kaem de Moandei, de 12e fen July 1813
260 It mesyk foarop, Verstolk der sels by mei de maire en de adjuncten, bineffens it heechste militair gesach fen Ljouwert, diich de jonge helden de eare oan, by hjar ôfskie to wêzen. Ek inkele heiten wierne der, mar de measten misten de moed, om derby to wêzen en hjar bern foartgean to sjen.
261 Hjar dierbere bern en hjir for greatmakke to wêzen...! it wie mear as se drage koene! Fen Rhé forbiet syn ellinde en brocht sels syn bernsbern It stie swart fen minsken Yn 'e stúdzje wei seach fen Rhé him efternei, ho-t 'r oer it Pypke spartele en sa by it Nau lâns
262 It scoe wol op 't Blokhús oan moatte efterom de Weaze lâns. En sá seach 'r ek Ryklef Ripperda oankommen. Manlik en foars, deftich en noch jong, al sette 'r nei groeijen en wie syn gong net mear sa jong en fluch. In man fen gesach, de Drost fen Ljouwert.
263 To glûp skile 'r nei him, de gelegenheit joech hjar to moai oan ommers, om it net to dwaen en yn ho lang hiene se inoar net fen tichteby sjoen! Der kaem 'r oan, stadich, stie stil by de earmoedzjende man en sei heech hwet tsjin de tsjinders
264 Dy sloegen oan en gyngen do foart mei hjar frachtsje. Wûnder, det syn eagen suver twongen waerden, om nei syn deadsfijan to sjen. Dy skat naem 'r ek al ta him, sa alhiel, det hy rekke derby troch, hy bistie net iens mear for hjar.
265 Alles, alles waerde him tabrocht en hy...! As de wjerljocht skeat it troch syn brein: hie hy net ris ienkear winske, noch ris as man tsjin man foar inoar oer to stean en den in stryd, dé stryd op libben en dea út to fechten
266 It heuchde him noch as de dei fen jister, ho-t Poppéus him fen Anne ôfset hie en... ek... o ho swiet wie it dy joune, om Lefèbre lêst jaen to kinnen, him dea ef libben him yn hânnen to leverjen en noch ris wer dy Collumer dagen, ho ticht hie 'r him by him hawn en noch ûntkaem.
267 As de kat de mûs yn 'e bisnijing en yn it amerijke fen tapakken formoarde it lot syn plan. En nou hie 'r dochs syn winsk, hjir wie 'r. Licht stie 'r optslach neist him! Hy tocht net mear, yn in divelske brânning fen wraek tosloegen de kweade tinsen al hwet der noch goeds libbe yn syn hert
268 Dy hie for syn jonge nei de Haech ta west! jild fen syn eigen derby bean om him frij to krijen? Há! há, húnlake it yn syn moed, in stimper, dy-t det leauwt Dû, bitûfte skerpsjogger, litst dy doch gjin earen oan 'e holle naeije!
269 Dû bist doch wol wizer! Ja, hy wie wol wizer Hy wist wol better, hwet de iene fijan for de oare docht Noch djipper yn 't onleech bringe, noch djipper de kanker fen 't leed yn it herte sprute litte, det alles der mei bismet wirdt en it libben ta in hel en as 't kin
270 ... as 't kin en de fijan jowt him bleat op ien, swak punt mar... Ta twa kear ta klonk der in skot. It pofte der oer... de wjerklank galme oer 't Breed fen 'e Nijested. Ien krige him by de mouwe en loek him mei... Verstolk bleau sels by him.
271 Hy wie sa oandien, de triennen stiene him yn 'e eagen. Sá yn 't folle rike libben! sa oan 'e rânne fen 'e dea, deun der oan!! O dy jonge! o Anne! Hwa koe hwet op him tsjin ha it wie ommers hast noch in bern!! Mar it moast Ik seach jou foardelbûgen, krekt dy seconde en it gyng roerend oan jou lâns
272 It rekke Henricus, dy-t krekt op 't hynsder scoe, yn 'e skonk. Och, it is mar in skampskot, neat om de hakken. En do wie de twadde kûgel for fen Rhé sels... Raek... en det mei dy âlde rideljende hânnen..... hwet miste 'r optheden Anne!
273 Yn 'e fierte hearde 'r it mesyk, in mars, hwer de garde mei ta de sted út brocht waerde. Henricus scoe der net by wêze. Syn skonken fielden as stikken lead en sa kaem 'r thús. Minne Pjirkes en Willemke stiene gûlende op 'e striette út to sjen en minhear Baerdt siet deawyt foar 't finster.
274 Op in draechberje, in hiel escorte fen Frânsken der omhinne, brochten se Henricus thús. Jehannes stie neist him... As der mar gjin kâld fjûr by komt mei al det nije gûd en det goud fen 'e unifoarm. Der is in stikje fen yn 'e woune rekke.
275 It is swier forgif, det goud. En de kûgel sit sa djip, hy is net to finen. Hja moat it optslach witte. Efkes hâldde 'r it hynsder yn... der lei in lyts plakje bloed, in meager hountsje kaem en slikke der op om... En oars neat mear fen de tragedy, hjir ôfspile yn in tel mennich.
276 Hwet harken se to Wyckel raer op, do-t hy der fortelde, Henricus wie net mei foart rekke, dy wie fen 't hynsder ôffallen en lei nou mei in stikken skonk by hjarres. Hja hoechde net to witten, mei ho 'n swak lûdtsje as det sei waen wie twisken it dwyljen yn.
277 Earst wiken letter wie hy yn steat, Anne krekt alles sa to fortellen, as 't gien wie... Ingelân soarge for it jild en det wie in stipe sa great, wol yn steat moed en selsbitrouwen oan to fjurjen. Ripperda hearde der fen... hy tocht om de briefkes fen Porter.
278 It moaije frije Fryslân fen do... O ho hope hy ek om al dizze dingen, Napoleon mocht noch ienkear syn master fine, ien, dy-t him stie, totrape en fornietige, sa 's in minske mar fornietige wirde kin! Oan alle lytse en greate riken ek sa fen him bihânnele, hie hy 't fortsjinne!
279 En it bigoan der sa linkende wei op to lykjen. Prusen en Ruslân yn ien greate skoarjende ienriedichheit foelen him oan, in feit, yn 'e lêste jierren noait mear bard. Mar nou bigoan, o sa stadich it wetter in oare wei to rinnen.
280 By Lindenau treffe Prusen en Ruslân it leger fen Napoleon en wirde de bounnoaten forslein. Noch is Napoleon baes, noch draecht 'r de keizerskroan, al stiet dy wankelich op de holle. De oerwoanen jowe al mear en mear krimp, hja stouwe alle kanten út en tosnipelje sa it leger fen Napoleon.
281 Hjir hwet en der hwet... de Rus en de Prús gnize. En hast onwillich wei glydt der in glimke oer it stoefe antlit fen Blücher, as hy de kaert bistoarret... Tobek! tobek! commandearet hy en foarút! foarút! tsjin it nije leger, det al for him klear stiet
282 En de dei fen 'e 14e fen Augustusmoanne 1813, de dei foar Napoleon syn jierdei, falt in nij leger, nou ek noch mei de help fen Eastenryk derby, Napoleon wer oan. En det doel, det binaderen se nou. Hja scoene it nou mei inoar redde.
283 ... it moast... Yn Mecklenburg stiene 40.000 Russen, 100.000 Sweden, Russen en Prusen by Berlyn, yn Silezië 200.000 man en by Lintz 40.000 Eastenrikers, fûl op dizze fijan. En den noch by Praag 140.000 man. Dit wie de earste lynje en efter dizze kaem de reserve, noch mear as 500.
284 Napoleon koe der tsjinoer stelle: 70.000 tsjin Bernadotte, 100.000 tsjin Silezië, by Görlitz ek 70.000 man. Den by Dresden 16.000 man en de garde, mar 20.000 man mear ûnder persoanlik commando fen Napoleon sels by Dresden.
285 De measten fen syn soldaten wierne nou de jonge soldaten, de conscrits, troch freeslike twang oproppen om him to tsjinjen, sims tsjin hjar eigen folk de wapens op to nimmen en det se net sa fûl fochten, wie to bigripen. De earste dagen wie Napoleon noch ris ienkear wer oan de winnende hân en do.
286 ... en do...! Foartdaedlik nei de feestroes oer dizze oerwinning wer in nije slach en dy wie forlern foargoed Do waerde 'r twivelriedich, ho-t 'r scoe en det fielde it leger De bôge stie net sa stiif mear spand de wrede pylken forlearen de macht, om doel to reitsjen
287 It bigjin fen de ein bigoan him kenber to meitsjen. O it wie hast net to leauwen! Utkomst, forlossing, de minsken koéne, doársten der net mear op hoopje! De rêch wie al hast krûm waen yn slavernij Hja skûrden inoar de kranten, de Frânske kranten út de hânnen, sa fûl wierne se op nijs
288 Namen de dingen in kear? waerde him syn freeslike macht wer ûntnaem, sa 's dy him ienkear jown wie troch de Biskikker oer minskene- en folkene lot? Koe 't wier wêze? Blierke der in dage yn 'e fierte! in dage fen in jubelmoarn?
289 De postwein wie op in moarne wer yn oantocht fen Grins ôf en Wytse Binderts stie al by de wei, om de nije kranten oan to krijen. Hwet wie dy postwein fol en noch ien en noch ien en trije byweinen, in hiele karafaen! O ryk, o hearlik wird, wer frij to wêzen yn tins, yn wird, yn gelove en regear!
290 Hwet in skat for him, dy-t it mist hat en 't den werom kriget! It bigoan op de neil to barnen, hja stiene it spul net mear Hja praettene hwet mei inoar en gjin healûre letter stiene hjar hynsders al mei 't seal op Wytse Binderts seach it en liet ek syn rydhynsder optuge
291 De iene officier wie noch altyd it haed fen alle Frânsken yn hiel Achtkarspelen en syn gast en achting wirdich, al wie 'r in Frânskman en dos ried hy mei. Ik bring jimm' nei 't hûs ter Heide oan 'e Simmerwei, den ha ik myn plicht dien.
292 En hja bigriepen, al dy minsken wierne al fluchtelingen, foarrinders fen tûzenen, noch op kommenswei. songene de bern yn 'e bûrren, do-t se foarby rieden en makken lange noazen tsjin de officieren, mar de greaten hâldden hjar fetsoenlik om Wytse Binderts, dy-t mei hjar ried.
293 Der gyngen se... in stik libben en leed namen se mei. En der kamen al mear en mear, de hearrewei roan fol, frânske ambtenaers, officieren, in ginnerael mei syn hiele eigenwize staf, gens d'armes, de measten mei wiif en bern.
294 It folk waerd roerich, hja bigoanen spotlietsjes to sjongen en keilen hjar stiennen efternei. Sa rekke Optwizel syn ynketiering wer kwyt yn in dei twa, hwer se achttsjin jier mei oantangele sitten hiene. Guont minsken gûlden fen blydskip, it wie den ek wol de útredding út de greate need.
295 En do kaem de moaije moarn fen de Woansdei de 17e fen Novimber 1813. Wytse Binderts kaem der oan mei de feinten, elts mei in grude strie ûnder de earm en dy bounen se oan in beam by de wei. Hja seagen it strie en it wetter by de wei.
296 ... it wie in tael, dy-t se forstiene, in tael sûnder wirden, dy t hjar noege en gjin ketier letter founen se yn de greate skûrre hjar leger spraet for de nacht en de tafel oeral oanrjuchte en for de oerste in sêfte rêststé yn 'e hûs by Wytse Binderts.
297 En sa gyng 't by eltsenien. Oeral wolkom, oeral gastfrij oanhelle. Wierne se net de bifrijers? bigoan fen de steppen net de fiktoarje? Napoleon! it wie in namme, al skiednis waen Mar Oranje! it wie de namme fen de takomst! de namme, yn sa lang net útspritsen, der om lit, om fochten, om bidden wie
298 ... En nou! nou! de 6ste fen Decimber 1813 waerde de Prins fen Oranje as Kening Willem de Earste ta souvereine hearsker oer 'e Nederlânnen útroppen Do wapperen de oranjeflaggen wer op de Aldehou, do letten de klokken wer for in soan fen 't eigen folk
299 It wie it feest fen de bifrijing fen it jok, de frjemde twinger syn possenaesje foargoed útspile. En op alle toerren en toerkes hiel Fryslân oer, blonk it bliide orange, blanche, bleu. Alde Foppe Lieûwes, krebintich en rimmetikich, kuiere op ien fen dizze dagen yn syn finne en seach it hear oer.
300 Nou wie it den sa fier... Hy stoarre yn 'e fierte. Der lei Eastemar en op 'e hege toer, der floddere in kleurd fodsje gûd yn 'e wyn. Oranje wie 't, O-r-a-n-j-e. Hy seach it. O hwet wie it him great... Der meitsje se hjoed de dei noch altyd it meastepart fan 'e befolking lit.
301 De earste Westerling dy't yn kontakt kaam mei it Aleoetysk wie de Deensk untdekkingsreizger yn Russyske tsjinst Vitus Bering, dy't fan syn reis nei de krite fan 'e nei him ferneamde Beringsee yn 1741 ferskate Aleoetyske plaknammen mei werombrocht.
302 De earste wurdlist fan it Aleoetysk waard yn 1778 gearstald troch James King, in lid fan 'e ekspedysje fan 'e ferneamde Britske untdekkingsreizger James Cook. Netsvetov skreau sels ek it earste Aleoetyske wurdboek. Afinogen K.
303 Ermeloff skreau in literer ferhaal oer in skipbrek yn syn memmetaal, wylst Ardelion G. Ermeloff tsien jier lang in deiboek yn it Aleoetysk byhold. Yn 1941 die John P. Harrington yngeander undersyk nei it dialekt fan 'e Pribilofeilannen.
304 Nei ofrin fan 'e oarloch sette de taalkundige Knut Bergsland yn 1950 mei in tige yngeande stiidzje fan it Aleoetysk litein, dy't liteinlik late ta de publikaasje fan in alomfetsjend Aleoetysk wurdboek yn 1994 en in folsleine beskriuwende grammatika yn 1997.
305 Bergsland syn wurk waard op kriisjale wize understipe troch lanseigen Aleoetyske wittenskippers en oare korrespondinten, werunder de Atkaanske taalkundige Moses Dirks.m. Yn 'e Feriene Steaten bawwe de lanseigen talen fan Alaska nea net folle omtinken krigen fan it regear yn it fiere Washington, D.
306 C. Yn april 2014 karde it Steatskongres fan Alaska lykwols mei oerweldigjende mearderbeid in wetsfoarstel goed dat alle tweintich lanseigen talen fan 'e steat, werunder it Aleoetysk, in offisjele status jaan soe. De offisjele status is sadwaande fierbinne symboalysk.
307 Neffens it artikel Native Languages of Alaska, fan taalkundige Michael E. Krauss, dat yn 2007 ferskynde yn it boek The Vanishing Voices of the Pacific Rim, wiene der doe yn Alaska noch mar 150 minsken dy't it Aleoetysk as memmetaal sprieken.
308 De measten derfan wennen op 'e Pribilofeilannen. Datselde jiers wiene der op 'e Russyske Kommandeurseilannen noch mar 5 Aleoetysksprekkers, wat it totale oantal op 155 brocht. Op in totale etnyske groep fan 12.500 minsken komt dat del op in sprekkerspersintaazje fan 1,24%.
309 Sunt likernoch 2000 is der yn 'e wengebieten fan 'e Aleoeten yn siidwestlik Alaska in beweging geande dy't besiket de eigen taal nij libben yn te blazen, en derby stipe wurdt troch universiteiten en pleatslike mienskippen.
310 Sims gyng 't mei gjalpen, sims yn in sêfter sljuerking, mar hifkjend en soeijend fen dy frjemde weagen op en del kaem it dochs altyd wer. Alde Regnerus Ripperda wie forfard nei de stins fen syn soan yn 'e Bjirmen en hwa wie ien fen de earsten to hûs-bisjen, do-t syn hûs to Ljouwert to keap stie?
311 Stadich stapte 'r yn 'e keamers om en troch de gongen en formakke him yn 'e groun fen syn hert. Utroeid dit nêst fen Oranjefolk en wech en der wear de ljue forslingere, dy Ryklef miskien wol dea. Hjir ef der foel dy snie nou ek sa op Poppéus syn grêf, tocht 'r bitter en hy waerde der moilik ûnder.
312 Anne hjar antlit stie effen as altyd, hja hie gjin trien om Poppéus litten, al droech se ek djippe rouwe, de kyps mei de wite widdoubân en gjin inkelde ring ef sa. Sa jong like se noch yn det rouwige swart, wie se net as in lyts blomke, kniesd en dochs noch net fornield fen hirde hânnen?

Связаться
Выделить
Выделите фрагменты страницы, относящиеся к вашему сообщению
Скрыть сведения
Скрыть всю личную информацию
Отмена